It iene jier is it oare net

De ôfseine iepeningswedstriid fan Hylpen waard hjoed ynhelle op ‘e Tsjûkemar.
By de supporters op ‘e wâl sit de legindaryske wedstriid fan ferline jier noch goed yn ’t ûnthâld en hja hopen op in werhelling fan ‘e oerwinning fan doe, mar dan sûnder de gisel dy’t skipper Gaele Tadema makke. Hoe oars rûn it diskear: net in earste plak, mar as 8-ste oer de finish.

De basis foar dit resutaat lei him yn ‘e minne start, sadat it doarp Eastermar nei in dreech earste krúsrak as 10-de by de boppeste tonne oankaam. Ek it folgjende foar- de-wynse-rak wie no net om nei hûs te skriuwen en brocht gjin ferbettering yn ‘e folchoarder. By it fierdere wedstriidferrin rûn it doarpsskûtsje wat better en helle in pear plakken yn. Mar de úteinlike winner Waaksdom (Ulbe Zwaga) beneikomme siet der net yn fannemiddei.
Dat dizze Eastermarder silers noch gjin inkelde kear in protest tsjin har hân hat, jout oan dat der op in korrekte wize syld wurdt, mar moat eins wol op ’t goedlakte helmhout ôfkloppe wurde. Je witte mar noait wat de kommende trije wedstriden (wer Ychtenbrêge, Lemmer 1 en Lemmer 2) bringe sille… Of miskien wol fjouwer, want de ôfseine Sleat-wedstriid soe ek noch foar de grutte A tafoege wurde kinne.

Troch it resultaat fan hjoed is it 3-de plak yn it algemien klassemint mei 14,9 pt. ús diel. Fóár ús stean Wylde Wytse (Sikke Heerschop, 6,9 pt.) en Eelkje II (Jeroen de Vos, 13 pt.). Wol sa wichtich binne lykwols de plakken 4, 5 en 6 mei resp. De Goede Verwachting (Walter de Vries, 15 pt.), Jonge Jasper (Froukje Osinga, 17 pt.) en De Zes Gebroeders (Klaas Kuperus, 18 pt.), want dêrfan fielt skipper Geale de hite asem yn ‘e nekke.

P1110409

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen