De iene kear sit it mei en de oare kear tsjin…

Juster waard troch it doarp Eastermar bewust keazen om de drokte fan ‘e start út ‘e wei te gean. Dy kar waard hjoed op ‘e Hegemer Mar net makke, want it like derop dat it opsykjen fan ‘e oare skippen op ‘e startline in bettere posysje jaan soe.
Hoe oars pakte dat út. Fan alle kanten waard it skip fan ‘ús ploech’ ynsletten en lei it ‘foar dea’ yn ‘e gribus. Sjoen dizze situaasje en it feit dat skipper Geale en syn bemanning dochs fan plak 16 nei plak 6 sile koenen, wie der wol sprake fan ‘foarút-silen’.

De úteinlike winner fan ‘e silerij by Heech, Sikke Heerschop mei Wylde Wytse, hie net folle lêst fan itjinge der foar, tidens en nei dy start barde, want fuort al yn ’t earste krúsrak sylde er folslein frij nei de boppetonne. Ek fan wat der letter yn ’t middenfjild barde hie er gjin lêst. Dat gie perfoarst net op foar de achterfolgers fan Wylde Wytse, dy't – en dan gie it benammen om Jonge Jasper (Froukje Osinga), Waaksdom (Ulbe Zwaga), Eelkje II (Jeroen de Vos) en… it doarp Eastermar (Geale Tadema) - mekoar letterlik yn ’t farwetter sieten. It earste stel, Froukje & Ulbe, hellen de protestflaggen foar ’t ljocht, waarden troch de ‘umpire’ korrizjearre, mar belânen dochs noch foar de sjuery yn ‘e protestkeamer. Jeroen en Geale sylden sadanich dat der in soarte fan spegelduel op ‘e mar útfochten waard. Lykwols wól neffens de regels en dus dochs noch in 6-de plak foar ús doarpsskûtsje.

De folgjende wedstriid wurdt tiisdei fersyld op ‘e Sleattemer Mar. Yn it algemien klassemint stean op 1, 2, 3 resp. Wylde Wytse (3.9 pt.), it doarp Eastermar (6,9 pt.) en Eelkje II (7,0 pt.). By Sleat sille dizze trije skippers mekoar fansels ekstra yn ‘e gaten hâlde en wa wit mei ‘ús‘ Geale moarn it stedskanon knalle litte.

ALB 2671 17948

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe