Op saterdei 13 july wie der op ‘e Burgumer Mar werris mei skûtsjes syld. Under de organisatoaryske wjukken fan ‘e Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden waard mei dit wettersportevenemint it tolve-en-in-heal-jierrich bestean fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) betocht. Ynearsten hienen har 10 skûtsjes oanmeld foar dizze jubileumsilerij, mar úteinliks gienen saterdeitemoarn 8 skippen mei mekoar de striid oan.

Moarns begûn de dei mei it palaver (regelútlis en rûtebesprekking) yn De Parel. Dêr ferwolkomme âld-SIESbestjoerslid en âld-Eastermarder-skûtsje-bemanningslid Oebele Brouwer de skippers. Hy stie efkes stil by de skiednis fan SIES en helle wat herrinneringen op út de tiid dat hy as man fan ‘e earste oere ticht by it doarp Eastermar stie.

By beide wedstriden – ien yn ‘e moarntiid en en ien nei it middeisskoft – wienen der wol in tal spannende mominten. Der stie in stive 4 Bft en dat wie foar de bemanning fan De Zes Gebroeders (Makkum) hast tefolle: sy koenen har skip noch mar krekt oerein hâlde! Twa SKS-skûtsjes, Grou en Hearrenfean gienen yn ‘e earste wedstriid te gau oer de startline en waarden by de finish dus net ‘ôfsketten’ wat ynhâlde dat se yn ‘e útslach 9 punten boekten. It doarp Eastermar moast yn ‘e middeiswedstriid in strafrûntsje draaie fanwegen in bakboard-stjoerboard-gefal en einige dochs noch op in fyfde plak by de finish.

By de priisútrikking die bliken dat  De Twee Gebroeders (Gerhard Pietersma, Earnewâld) de úteinlike winner wie, op it twadde plak kaam Wylde Wytse (Sikke Heerschop, Rotterdam) en as grutske tredde it doarp Eastermar (Geale Tadema, Eastermar). De prizen waarden mei tapaslike lokwinsken útrikt troch Oebele Brouwer en skûtsjemiss Fokje de Vries-van Dekken. Ek de foarsitter fan ‘e Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden, Jelmer Bloembergen, fierde noch it wurd en komplimintearre alle minsken dy’t dizze tige slagge silerij mooglik makke hienen. Yn dy wurden koenen de oanwêzige skippers har folslein fine en hja fûnen dat dit op ‘e Burgumer Mar beslist foar in herhelling yn 2020 yn oanmerking kaam. 

Skûtsjesilen op 'e Burgumer Mar

Mear foto's yn it byldferslach fan Albert Bakker.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe