logo eastermarder skutsje

It ôfrûne wykein hat 'it doarp Eastermar' meidien oan de ‘Slach om Heech’. Dat is in IFKS-silerij mei saterdeis in 3-tal wedstriden om te selektearjen wa’t op de finale de snein dêrnei by de bêste of de wat minder snelle skûtsjes meidocht.

Ear't der dy saterdei begûn waard wie der noch in yndrukwekkend betinkingsmomint foar trije skûtsjeskippers dy’t koartlyn ferstoarn binne.

Skipper Geale en syn bemanning dienen dêr ek oan mei en alle dielnimmers fearen by de neibesteanden lâns en brochten mei it sakje litten fan ‘e fok in lêste groet.

De saterdeisilerij pakte foar ús doarpsskûtsje sa goed út dat der op snein start wurde koe by de rapste skippen. Yn ‘e earste wedstriid op dy finaledei besylde it doarp Eastermar in 4-de plak. De beide wedstriden dêrnei ferrûnen noch better mei in earste en twadde plak. It gefolch wie dat yn it einklassemint in 2-de plak beset wurde koe.

In knappe prestaasje, want dêrmei liet skipper Geale betûfte kollega’s lykas Tony Brundel, Sikke Heerschop, Jaap Hofstee en Merijn Olsthoorn achter him. De iennige dy’t er foargean litte moast wie Jeroen de Vos mei syn Eelkje 2.

Dizze útslach jout moed foar de kommende IFKS-wike dy’t dit jier tusken freed 10 (Hylpen) en saterdei 17 (Lemmer) augustus is.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe