Gelokkich foar 'it doarp Eastermar' ferrûn de twadde dei op ‘e Lemster baai better as dy fan juster. Der stie noch wol in stive wyn, krêft 4 à 5, mar net mei de rare útsjitters deryn dy’t juster foar omslaanderij en averij soargen. De ôfbrutsen lummel is wer makke en der koenen dus twa wedstriden syld wurde hjoed. Beide kearen - om 11.30 en 14.30 oere - gie de start goed.

Yn ‘e earste wedstriid wie, krekt as juster, in finishplak yn ‘e ‘sturt’ fan it fjild it resultaat. Yn de lêste wedstriid fan hjoed rûn it skip better en koenen de Ea-ers in posysje yn ‘e middenmoot fan ‘e dik 20 dielnimmers besile. Omdat der by beide wedstriden nochal wat ferskillen yn it dielnimmersfjild wienen (dns = net start, dsq = diskwalifisearre en dnf = net finished), einige ús doarpsskûtsje beide kearen op in 13e  plak.

Juster wie dat in einklassearing fan 16 plus in ‘dnf’ troch averij. Dat resultearre yn in 17e plak yn ‘t totaalklassemint. Der sit dus progresje yn. Of om ien fan ‘e bemanningsleden te sitearjen: ”Dit binne prima wedstriden om te trenen foar it echy”.

Saterdei (1 juny) wurdt der mar ien wedstriid syld troch klasse 1 en dy begjint om 12.30 oere.  

Lemmer Ahoy

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe