“Eins moatte wy noch in kear earste wurde”, wie it kommentaar fan ien fan ‘e bemanningsleden. In begryplike opmerking nei't ús doarpsskûtsje foar de twadde kear op plak 5 einige. Op himsels in hiel goed resultaat, want by de earste passaazje fan ‘e boppetonne lei it skip op in 9e plak. En ja, in earste plak soe de posysje yn it algemien klassemint ferbetterje.

Dat skipper Geale Tadema dy fjouwer skippen ynhelle (foar de eagen fan in grutte groep folchskipgasten, sa’n 25 persoanen, wêrûnder âld-wethâlder Doeke Fokkema en syn opfolger Gelbrich Hoekstra), wie mei de hieltiten mar wer skiftsjende wyn in knap stikje sylkeunst. En dyselde skiftsjende wyn wie yn ’t foardiel fan ‘e koprinner Drie Gebroeders (Arend Wisse de Boer) dy’t fan ’t begjin ôf ‘derút rûn’ en in foarsprong fan sa’n trije minuten opboude op de nûmer twa Waaksdom (Ulbe Zwaga).
Yn ‘e lêste rûte op ‘e Sleattemer Mar keas it doarp Eastermar foar in lange bakboardslach om sa oer stjoerboard op de finish fóár Wylde Wytse (Sikke Heerschop) te einigjen. Dat slagge krekt net, al skeelde it in oardel meter, mar de Eastermarders woenen net it risiko fan in bakboard-stjoerboardkonflikt rinne en lieten Sikke foargean.

Al mei al wie it in spannende wedstriid wêryn’t it bewiis dat skip en bemanning tige stabyl sile – twa kear in 5e en ien kear in 6e plak – foarearst levere waard. Dochs soe de fersuchting fan it boppeneamde bemanningslid noch wierheid wurde kinne yn ien fan ‘e folgjende fjouwer wedstriden: twa kear by Ychtenbrêge en twa kear op ‘e De Lemmer.

Ea

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe