By de start op ‘e Hegemer Mar like it wakker goed te gean foar de Ea. As twadde kamen ús doarpsgenoaten út de start. Yn it earste krúsrak fan de Olympyske baan nei de boppetonne krigen lykwols in tal skippen de wyn better en waard in 6e plak noteard foar skipper Geale Tadema. Sa ’t it no liket – der moatte noch in pear protesten behannele wurde – bliuwt dat plak stean yn ‘e einútslach fan hjoed.

Yn de wedstriid bleau ús doarpsskûtsje gelokkich frij fan allerhanne risikofolle situaasjes. Want it gie daliks yn ‘e earste rûte al goed mis: nei in tal oanfarrings moast It swarte wiif (Jaap Hofstee) al mei averij ôfheakje. Der waarden yn dy situaasjes tal fan reade flaggen yn ‘e stagen knope. De ‘umpire’ (skiedsrjochter) moast dêrby ek syn eagen goed de kost jaan en dat resultearre yn strafrûntsjes foar De Waaksdom (Ulbe Zwaga) en Lytse Lies (Tony Brundel). Zwaga krige letter nochris de reade flagge (= oanjaan fan in fout), mar wegere om nochris in rûntsje te draaien en dus wer in protest derby.

By de finish wie de spanning te snijen, want Lytse Lies hie in soad skippen ynhelle en besocht it 5e plak fan it doarp Eastermar oer te nimmen. Dat slagge sa’n 100 meter foar de einstreek ek noch. Dêrby kaam dat De Waaksdom en de Jonge Jan (FongerTalsma) ek krekt foar de finish de Eastermarders ôftroefden. Dus wie der in 7e plak foar it doarp Eastermar. Mar… de petearen yn ‘e protestkeamer binne noch geande en dan hope je fansels dat dat yn it foardiel fan ús ploech útpakt.
Foarlopige útslach:

  1. De drie Gebroeders (Arend Wisse de Boer)
  2. Zes Gebroeders (Klaas Kuperus)
  3. Jonge Jasper (Froukje Osinga-Meijer)
  4. Waaksdom (Ulbe Zwaga)
  5. Lytse Lies (Tony Brundel)
  6. De Jonge Jan (Fonger Talsma)
  7. it doarp Eastermar (Geale Tadema)  

Definitive útslach neffens de IFKS.

N.B.
De troch tefolle wyn útstelde wedstriid fan juster (snein, by Starum) wurdt ynhelle op woansdei by Ychtenbrêge op ‘e Tsjûkemar.

foto klaas jansma
Foto: Klaas Jansma

Fb-minsken kinne mear foto's fan de wedstriid besjen op 'e side fan Klaas Jansma Hobbyfotografie.

Ea

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen