Nei twa kear werom te moatten fanwege in massale falske start en dus twa ‘algehele terugroep’-situaasjes, koenen de 15 grutte A’s einlings mei har wedstriid begjinne. It wienen der 15 want de Makkumer Zes gebroeders (Klaas Kuperus) koe net starte om't dy ien fan ‘e swurden al by it ynsilen kwytrekke.

It wie foar skipper Geale Tadema daliks yn it earste krúsrek nei de boppeste tonne rekke. Dêr spile in kwestje mei romte-jaan-of-net foar ‘ús jonges en fammen’ en de skûtsjes KL (Merijn van Olsthoorn) en Jonge Jan (Fonger Talsma) wienen dêr ek mei anneks: de protestflagge tsjin de KL yn ’t want by it doarp Eastermar. Hjirtroch kaam ús doarpsskûtsje pas as 14e om de boppeste tonne yn dat alderearste wedstriiddiel.

Dat ek mei dizze wyn – der stie in flinke 4 Bft út it súdwesten op ‘e Iselmar – it skip wol gong hâlde kin, die wol bliken út it ynheljen dat de Eastermarders doe dienen.
Mei in pear tûke slaggen troch de midden fan it wedstriidwetter kaam ús ploech as 11e en 9e yn de folgjende rûtes om de boppeste tonne. Ek yn ‘e lêste rûte helle skipper Geale mei syn bemanning noch trije skûtsjes yn en finishte op in 6e plak. Fan 14 nei 6! As dat net ‘foarútsilen’ is…

Nei ôfrin waard yn ‘e protestkeamer útmakke dat it protest fan ‘e Ea yn dy earste rûte tsjin KL, troch KL trochset waard op Jonge Jan en dat dy dêrfoar straft waard mei 17 punten en dus syn 3e plak ferlear. Sadwaande is dus it einresultaat fan dizze silerij  in 5e plak foar it doarp Eastermar. It bealgjen yn dit ‘stoarmwaar’ mei weagen fan sawat in meter heech hat dus net om ‘e nocht west.

IMG 0247
foto: Annet Kuipers

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe