Spile ús doarpsskûtsje op de saterdei fan it ‘Ald Silend Hout’-evenemint noch foar driuwende tribune, it skip is begjin dizze wike klear makke foar de IFKS-silerij. Om't de trije oanwêzige preamen foldwaande romte hienen om it publyk nei de Mar te bringen, koe ‘it doarp Eastermar’ snein nei Grou farre foar tuskentiids ûnderhâld.

Dat hâlde yn dat it skûtsje út it wetter moast om it ûnderwetterskip te kontrolearjen. Dat wie noadich want der siet nochal wat ‘oangroei’. Der binne in soad skulpen fan ‘e ûnderkant ferwidere. Neffens skipper Geale Tadema is it skip no ûnder de wetterline wer 'sa glêd as in poppekontsje’. Ek binne de nije swurden oanbrocht. Dit alles makket dat it skip – ek mei it no better trimde nije túch – goed gong hâlde kin.

Der binne de ôfrûne dagen wat oefenwedstriden syld mei sawoll IFKS- as SKS-skippen en dêrby koe de Ea goed meikomme. Dit jout de bemanning in goed gefoel foar de kommende IFKS-wike. Dy begjint op saterdei 18 augustus by Hylpen.
De Ea-skûtsjefolgers moatte der rekken mei hâlde dat der dit jier in wichtige oanpassing yn it sylskema plakfynt: der wurdt op snein (19/8, Starum) syld en op woansdei 22/8 is der in rêst-/ynheldei ynlaske.   

Sleattemer Mar

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe