×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 427 niet laden

In folslein oare silerij as dy fan saterdei: der stie in moaie wyn mei krêft 3, de Starumer kommisje hie keazen foar in Olympyske baan en de taskôgers koenen yn ‘t sintsje sitte yn ‘e lijte fan ‘e dyk.
Wat gelyk bleau foar ‘it doarp Eastermar’ wie it 7e plak by de finish.

In 7e posysje waard al behelle yn ‘e earste rûte by de boppeste tonne. Doe hie de ‘Jonge Jasper’ (Froukje Osinga) it 1e plak al te pakken. Dat waard fêsthâlden en hieltyd fierder útboud oant de finish.
Dêrachter wie ’t noch efkes spannend wa’t it 2e plak besile soe, want ‘De Zes Gebroeders’ (Klaas Kuperus), ‘Grutte Pier’ (Lucas Bouma), ‘It Swarte Wief’ (Jaap Hofstee) en ‘Striidber’ (Siebo Zijsling) makken it mekoar net maklik.

Dy striid wie der ek yn ‘e twadde rûte tusken ‘Eelkje II’ (Jeroen de Vos) en ús doarpsskûtsje mei Geale Tadema oan ’t helmhout. ‘Eelkje II’ like der as winner út te kommen, want dy fear as 7e om de foar-de-wynse-tonne.
Yn ‘e tredde rûte makken ús jonges en fammen dat lykwols wer goed troch yn it krúsrak de Eelkje II wer yn te heljen en sa har 7e plak feilich te stellen.

Oan ‘e ein like in 6e plak noch mooglik, mar om krekt foar de finish in heftige konfrontaasje mei de ‘Wylde Wytse’ (Sikke Heerschop) foar te kommen, moasten de Eastermarders tefreden wêze mei plak 7.
En dit kear stie it folk op ’t finish-skip wol op skerp...

skutsje 2015

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe