DSCF6788

Foar de wedstriid taktykbesprekking tusken skipper Geale & adviseur Douwe

 Koart, mar heftich

Dit wie hjoed by Sleat in kwestje fan 'lange halen, gau thús'. Op 'e Sleattemer Mar waard oan 'e minimale easken fan in IFKS-wedstriid foldien: minstens in oere sile of minstens twa krúsrekken ôflizze. De kompliminten kinne jûn wurde oan 'e organisearjende kommisje dy't troch de fuortfallende wyn net it risiko fan in driuwpartij rinne woe.

By de start keas 'It doarp Eastermar' foar de lege kant en dat pakte foar har, mar ek foar 'Jonge Jasper' en 'Emanuel' hiel goed út. Nei de twa lêstneamde skippen gienen ús favoriten as tredde om de boppeste tonne. In goed plak mei kâns op in noch bettere posysje. De oanmoedigings fan in twitterjende supporter om troch te stjitten nei it earste plak koenen spitigernôch net wier makke wurde. De beide foaroplizzende skûtsjes waarden net ynrûn yn dy earste rûte. Nee, yn it twadde krúsrek nei de boppetonne moast ús doarpsskûtsje sels 'It Swarte Wief' foargean litte en wie it 4e plak syn diel. Der wie doe in oere fearn, de wyn liet it sitte en ynienen lei de finish yn it foar-de-wynse-rek. Mei in keunstgreep fan skipper Geale en adviseur Douwe én it meipakken fan in pûsterke, slagge it dochs om krekt foar de einstreek de tredde posysje te feroverjen. In fear yn 'e kont foar de hiele ploech en de pompeblêden koenen wer yn 'e mêst!

Mei dit resultaat makket 'It doarp Eastermar' ek in prachtige sprong yn it algemien klassemint: fan plak 7 nei plak 4. Profisiat, toppers!

Moarn manmachtich nei it gemaal by Ychtenbrêge.

klassement

DSCF6805

Sponsorflaggen yn top

DSCF6809

Jan de liereman

DSCF6832

De start: in breed fjild en wy sitte hielendal rjochts as tredde skip

DSCF6836

Ynearsten like ús posysje net sa goed, mar dat soe gau feroarje

DSCF6837

Elk keas syn eigen rjochting  

DSCF6839

Wy besykje de 'Emanuel' yn te heljen 

DSCF6842

In moai loefduel

DSCF6843

De KL (Emanuel) en de Ea moatte beiden achter de JJ (Jonge Jasper) lâns 

DSCF6849

By de boei sit de Ea ticht op de KL (Emanuel) 

DSCF6863

Sa giet it foar de wyn en sa falt de wyn fuort

DSCF6866

De folchoarder wikselet hieltyd mar de 'Jonge Jasper' en 'Emanuel' wurde 1e en 2e 

DSCF6867

Op it lêste momint skoot de Ea nei foaren en einiget as 3e 

DSCF6870

Applaus en emoasje as it skûtsje oankomt by it folchskip

DSCF6882

Evaluaasje by de mêst, in deistich ritueel

DSCF6883

Skipper Geale Tadema

DSCF6891

Yn Sleat wachtsje grutske Eastermarders oan 'e wetterkant op de oankomst fan it skûtsje  

Tekst: Wijbe Postma

Foto's: Rob Krimpenfort

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe