By de start fan ‘e wedstriid ‘op see’ flamme it Ea-gefoel op doe’t yn ‘e earste rûte ús doarpsskûtsje goed út de start wei kaam en as tredde om de boppeste tonne gie. De gedachte oan in poadiumplak spile doe troch ferskillende Eastermarder kopkes, mar it pakte oars út: ‘it doarp Eastermar’ kaam as sechsde troch de finish. Op himsels in goede klassearring. 

twee gebroeders

 

Nei dy earste passaazje fan ‘e boppeste tonne wiene der yn ’t healewynse en foardewynse rak fjouwer skûtsjes yn ‘e striid om de kopposysje: ‘De Twee Gebroeders’ (Arend Wisse de Boer), ‘Jonge Jan’ (Jelle Talsma), ‘it doarp Eastermar’ (Geale Tadema) en ‘Ut en Thús’ (Henk Regts). By it yngean fan ’t twadde krúsrak keas skipper Geale foar in slach fierder de ‘see’ op en kaam wer as tredde by de boppeste tonne út. By it folgjende foardewynse rak – der wie in Olympyske baan útset – makken de achterfolgers fan ‘e foarop farrende ‘Twee Gebroeders’ it mekoar net maklik. Om dêr frij fan te farren keas ‘it doarp Eastermar’ foar de koers nei de dyk om dêrnei te besykjen de boppeste tonne rapper te besilen. Dat pakte hiel oars út, want nei ‘De Twee Gebroeders’ giene ‘De Jonge Jan’, ‘Ut en Thús‘ en ‘Striidber’ (Siebo Zijsling) foar ús jonges om ‘e tonne. In fyfde plak dus. Letter yn ‘e wedstriid slagge it ‘Lytse Lies’ (Tony Brundel) ek noch om ‘it doarp Eastermar’ yn te heljen. 

By de lêste rûtes waard de boppeste tonne troch de wedstriidlieding ek noch ferfongen troch in oare tonne op in oar plak heger yn ’t wedstriidwetter omdat de wynrjochting nochal wat feroare wie. De folchoarder fan ‘e earste 6 skûtsjes feroare dêr net mear fan. Achteryn it fjild waard der lykwols noch omraak striden, protestflaggen ophongen en strafrûntsjes draaid. Dat hie fan gefolch dat der, neidat skipper Geale Tadema as sechsde finisht wie, in grut tal skûtsjes (5 of 6?) letter as de tastiene finishtiid oer de einstreek kamen. Hokker konsekwinsje dat foar de algemiene klassearring hat, is op dit momint (moandeitejûn 22.30 o.) net te beskriuwen. 

Fanwege de ôflaste wedstriid fan saterdei moat ús doarpsskûtsje moarntemiddei by Heech twa wedstriden (14.00 en 16.00 o.) sile. W.P.   

ifks-starum2

ifks-starum3

ifks-starum1

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe