×

Helaas

Error the gallery with an id of: 97 is not published

It moat foar har field ha as wienen se op poalekspedysje: de bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ hat ús doarpsskûtsje fannemoarn fierhinne ‘simmerklear’ makke.

De earsten dy’t mei de Sibearyske tastannen fan hjoed te meitsjen krigen, wienen de sjauffeur en de byrider fan in ekstra lange Combex-frachtwein. Hja moasten al om 5.15 oere rjochting De Gerdyk om de wedstriidmêst út ‘e winterstalling te heljen.
Om goed 7.00 oere gie de rest fan ‘e bemanning los op ’t skûtsje: ferfarre fan brêge nei wettersportbedriuw De Lits, dêr mei help fan in kraan fan Brouwer&Brouwer de mêsten omwikselje, de motor foar in ûnderhâldsbeurt by Foppe Antonides stalle en de ‘wintermêst’ by Bouwe de Jong op ‘e Sumarderwei bringe.
Soks barde allegearre by in gefoelstemperatuer fan –12!
Alle bewûndering foar dizze bikkels dy’t om goed healwei alven oan ‘e osa fertsjinne hite kofje koenen. En… grutte wurdearring foar de reewilligens fan ‘e neamde bedriuwen om ark en hiem beskikber te stellen foar dizze kâlde klus.  

mêstwikselje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen