Nettsjinsteande de twa mislearre pogingen fan 2010 en 2011 hat it bestjoer fan ‘e Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’ de tried dochs wer oppakt. Al rom in healjier wurdt der wer fergadere, neitocht en oerlein om dizze silerij foar dit jier dochs trochgean te litten.
Ut dy oerlissituaasjes binne in pear saken te melden.

Skûtsjesilen yn 'e Wâlden

 

De datum en de tiden:
Op saterdei 23 juny sil it heve… Eastermar is dan it sintrum fan ‘e aktiviteiten. It begjint de moarns al mei in ‘doarpsontbijt’ dat troch O.V.E., St. Komerk en T.I.P. organisearre wurdt. Ynwenners, boatsjeminsken en toerisen binne dan wolkom!
De skippers ha om 8.30 oere it palaver (wedstriidbesprekking) yn Meerzigt.

Om 10.00 oere is de start fan de earste wedstriid op ‘e Mar. Tusken de middei komme de skûtsjes nei ús doarp werom en dat jout fansels in prachtich byld op ‘e Komerk. Der sil muzyk wêze en fansels binne de skippen fan tichteby te besjen. De middeiswedstriid begjint om 14.00 oere. De priisútrikking sil dêrnei tusken 17.00 en 18.00 oere plakfine. Wy hoopje dat dat op ’t Breed barre kin.

De skippen:
As dit stikje skreaun wurdt (begjin maaie) ha 18 skûtsjeskippers oanjûn nei Eastermar komme te wollen. Dat binne 8 ‘grutte’ skûtsjes en 10 ‘lytse’. By dy sân grutte is ek ‘it doarp Eastermar’ mei skipper Geale Tadema.

Bykommende saken:

Fansels giet ek hjir allinnich de sinne foar neat op.
De foarige beide ôflaske edysjes ha mei de tariedingen wol kosten jûn, mar om’t de boel op ’t lêste momint ôfblaasd wurde moast, amper ynkomsten! De finânsjes dy’t dit skûtsje-evenemint fergje, meitsje dat de organisaasje him dit jier beheine moat ta de meast needsaaklike saken. Dus diskear gjin grutte tinte op ‘e Komerk, gjin djoere muzykgroep en sa mear: in ‘low-profile’ organisearre wettersportfeest. Mar dêrom net minder de muoite wurdich! It stiftingsbestjoer hat gelokkich wol in tal sponsors fûn, mar echt rom soppet it noch net. Mar wy ha der alle betrouwen yn dat dit ek wol goed komt.

En dan hoopje wy fansels op goed waar! Dat is by sa’n fan it waar ôfhinklike aktiviteit altyd de meast ûnwisse faktor. Mar ferskate belutsenen ha ús de ôfrûne moannen bemoedigjend tasprutsen: ”It soe dochs al raar gean moatte wol it dit jier op dy 23-ste juny wér in heale stoarm waaie.” Wy gean der yn alle gefallen fanút dat it dit jier wol trochgiet en in prachtdei wurdt.

Ut namme fan it stiftingsbestjoer
‘Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’,
Wijbe Postma
www.skutsjesilenynewalden.nl

P6134980

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe