Op saterdei 17 en snein 18 april wienen op de Langwarder Wielen de earste skûtsjesylwedstriden fan dit jier. Foar ús skûtsje ek de earste mooglikheid om te sjen wat it skip docht mei it nije túch. It troch Molenaar makke grutseil en fok wienen in pear dagen dêrfoar klear en de bemanning hie freeds mei man en macht wurke om it allegearre te plak te krijen. En mei súkses. Op saterdei , mei aardich wat wyn, waard in fjirde en middeis sels in twadde plakje helle. En dat yn in poule mei 16 skippen! Dat hâlde yn dat ''it Doarp Eastermar'' op snein meisile mocht yn de topklasse, mei de bêste skûtsjes dus. En dat gie ek foar wûnder: nei in moaie silerij mei wat minder wyn waard in achtste plak helle.

IMG_1418

Oer de twa dagen rekkene hellen skipper Geale Tadema en syn bemanning sels it fjirde plak. In geweldich resultaat. Dêrby lieten hja ferskate skippen út de A-klasse, dêr't ús skûtsje ferline jier út degradearre is, wer achter har. Dat jout fertrouwen foar de kommende IFKS-wike, dy''t begjint op 7 augustus.
Op saterdei 19 juny is de folgjende wedstriid. Dan wurdt der wer folút syld op de Burgumer Mar. En sa te sjen binne skip, skipper en bemanning der klear foar. En alle Eastermarder stipers kinne dan sjen hoe prachtich''t it nije túch der op stiet.

IMG_1419_2

foto's Cor Brouwer

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe