Sagau't Sinteklaas yn it lân is wurde de bemannings- en bestjoersleden fan it Eastermarder skûtsje aktyf mei de wynaksje. In tradysje dy't by de measte Eastermarders wol bekend wêze sil, want it is al foar de fyfde kear. Yn de wike nei Sinteklaas komt men by de streek om de bestelling op te nimmen en in skoftsje letter of fuort dêrnei wurdt de wyn by jo thús besoarge. Oan de prizen is neat feroare: de wyn kostet € 7,50 de flesse - read, wyt of rosee - en in doaske fan seis flessen (mei eventueel twa fan elke soart of in oare kombinaasje) kostet € 40,--.
Omdat deselde wyn fan ferline jier net mear te leverjen wie, stie de stifting foar de drege opjefte om in oare leveransier mei oare selekte wyn te finen. Gelokkich sitte yn it bestjoer in tal wynkenners en waard der in serieuze priuwerij opset om ta in geskikte kar te kommen. Op professionele wize hawwe dizze 'finologen' de saak oanpakt. De wyn is op kleur, rook, smaak en ôfdronk test. De wyn út de kelders fan it wynhûs Ropiteau, levere troch La Cuvee út Burgum, kaam der as bêste út.
De wynaksjeopbringst is fansels bedoeld foar it Eastermarder skûtsje. Der is benammen ferlet fan in hurde-wyn-fok dus it soe prachtich wêze as de opbringst fan de wyn aansen fertuten dwaan sil by hurde wyn.
Dus minsken, slach in goeie rie net yn 'e wyn
en bestel in flesse of in doaze skûtsjewyn!
Wiene jo net thús of kamen wy net by jo del,
mail dan jo bestelling nei skutsje@eastermar.nl.
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »