DSC07383

Op 'e diskemerk (bradery) fan 'e kommende doarpsfeestsaterdei (27 juny) hat de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) de fokhysopstelling wer klear te stean mar no mei de fraach:

Wa doart it oan en stjit Johan en Sjoerdtsje fan 'e troan?

WP 20140628 15 18 40 Pro

Dy Sjoerdtsje en Johan binne Sjoerdtsje de Graaf en Johan Snip dy't ferline jier de titel fokhyskampioen behellen. De útdaging foar de Eastermarders en/of oare krachtpatsers is fansels om dizze twa dy titel te ûntnimmen. As dat al slagget kinne dyselden mei grutskens de wikselbeker in jier lang thús te pronk sette. It mei dúdlik wêze dat Johan en Sjoerdtsje har net samar ferkatse litte: it sil der om spanne...

It fokhisen is foar alle leeftiden en it SIES-bestjoer hat foar de bern dy't noch op 'e basisskoalle sitte in aardichheidsje klear te lizzen. Fierder kin by it skûtsjediske noch skûtsjewyn (reade en wite) kocht wurde, binne der Ea-petten, -'hoodys', -himdsjes en -stikkers te besetten.

DSC07324

DSC07330

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: