Twa leden fan ‘e hjoeddeistige skûtsjebemanning fan ‘it doarp Eastermar’ hawwe har de ôfrûne wike fan har alderbêste kant sjen litten. Geale en Douwe Tadema ha tongersdei 7 juny yn Frankryk meidien oan de sponsoraksje ‘Alpe d’uzes’, in wielerevenemint dêr’t de dielnimmers yndividueel of in groepsferbân besykje sa faak mooglik de Alpe d‘Huez te beklimmen en op dy wize safolle mooglik, mar op syn minst € 2500,- oan sponsorjild te garjen foar de KWF kankerbestriding.
Geale en Douwe makken diel út fan de ‘Hurdkûters’, in freonegroep út Twizel. De oanlieding om mei te dwaan oan dit evenemint wie de sykte fan ien fan ‘e skûtsjebemanningsleden fan ‘e earste oere. Syn sykteproses en syn herstel ha sa’n yndruk op syn freonen makke dat hja ôfrûne hjerst it beslút namen om de ‘Alpe d’Huez’ te betwingen.
Tongersdei ha de ferskate leden fan de groep fan tsien ‘Hurdkûters’ twa oant fiif kear de top helle. Mei dizze beklimmingen, dy’t per kear sa’n twa oeren fergje, hat de ploech € 40.000,- bymekoar fytst foar de striid tsjin kanker! Douwe en Geale fytsten beide fiif kear de ‘bult’ op en ha dy dei beide sa’n 16 oeren op ‘e fyts sitten… Mei rjocht: SJAPO!
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »