Tradisjoneel binne de minsken fan it Eastermarder skûtsje foar de krystdagen drok dwaande mei it útsuteljen fan alle wynbestellings. Dit bart al in tal jierren mar dit jier is de wynferkeap boppe alle ferwachtings. Us 'foarriedman' Sipke meldt dat wy der skjin trochhinne binne, wylst alle bestellings noch lang net by de minsken thúsbrocht binne. It kin dus wêze dat jo bestelling noch even op him wachtsje lit. Mar de wyn (wy binne dit jier oergien fan in Frânske op in Spaanske, dus miskien is dát it…) sil der net minder om smeitsje.
De finansjele ynstruier is hiel moai, neffens ponghâlder Evert Lijzenga. It ôfrûne jier binne der grutte útjeften dien yn de foarm fan in nij túch en oare saken, dus de ponge wie sa goed as leech.
Wa't gjin 'wynopnimmer' oan de doar hân hat, kin in bestelling dwaan fia skutsje@eastermar.nl. De flessen read, wyn en rosee mei skûtsje-etiket kostje € 7,50 of in doaske fan 6 flessen (nei eigen smaak) € 40,-. Neffens de kenners is de wyn 'poerbêst'. Tsjoch!
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »