It sil jimme net ûntgien wêze: it Eastermarder skûtsje leit net mear by de brêge of op it fêste plak. Dêr is in goeie reden foar.
Doe't it iis noch mar krekt út de Lits ferdwûn wie, is it skip ferfearn nei Twellegea by Snits. Dêr sil it ûnderwetterskip striele en plamuere wurde en dêrnei wer behandele mei in spesjale ferve. It doel is dan dat it flak, want sa wurdt it neamd, sa glêd is as in Polyvalkje. Us skûtsje, dat dit jier 100 jier wurdt, hat grif wat dûkjes oprûn en dat is foar de gong in min ding. Foar wa’t echt meidwaan wol yn de A-klasse is in glêde ûnderkant tige wichtich.
De kommende wiken binne faklju dermei dwaande. Dêrnei bliuwt it skûtsje foarearst noch yn dy omkriten, om’t medio april yn Langwar de earste wedstriden syld wurde. Mar dêrnei komt it skûtsje sa gau mooglik wer nei de thúshaven. Fral ek om klear te wêzen foar de wedstriden op de Burgumer Mar op 18 juny.
It bestjoer fan de Stifting ‘it Eastermarder skûtsje’
Boarne: www.hooghiemstrabv.nl
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »