Yn april 2007 waard by notaris Eabe Veerman yn Bûtenpost troch fiif Eastermarders de hantekening set ûnder de oprjochtingsakte fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje, koartwei SIES.

Dizze stifting bestiet kommende moanne dus 10 jier: in jubileum!
Dat kin foar ús doarp net stiltsjeswei foarbygean, dêrom in feestje.

Wy wolle dat fiere op freed 7 april. Yn ‘e neimiddei is earst in byienkomst foar direkt belutsenen en sponsors yn ‘Meerzigt’.
Yn ‘Herberch De Parel’ begjint de jûns om 19.30 oere in spesjale donateursjûn mei as gastsprekker skûtsjesjoernalist/-histoarikus Klaas Jansma.

Dêrnei, dat sil om ûngefear 21.30 oere wêze, slút it muzikale duo Pieter & Michiel de jûn ôf mei in optreden. Dit lêste ûnderdiel is tagonklik foar álle Eastermarders, want wy wolle, út erkentlikheid foar de stipe en it meilibjen mei it skûtsjewjerfarren fanút de doarpsmienskip, ús 10-jierrich bestean mei it hiele doarp fiere.
Oant sjen op freedtejûn 7 april yn ‘De Parel’.

Ut namme fan ‘e SIES,
Wijbe Postma (foarsitter)

logo skutsje

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: