IMG 8122

De ôfrûne wiken binne de saken om de Skûtsje Nadenker-puzel ta in ein kaam. De priiswinners ha har priis yn ûntfangst nimme kinnen. Stiftingsbestjoer en eigenaren binne nei de winners tagien en har lokwinske en ferrast mei de prizen.

De earste priis wie foar Jan en Foekje van der Molen út Garyp;

De twadde priis gie nei Sonja Visser út Starum en

De tredde priis is wûn troch Fokje Posthumus út Eastermar.

De Fam. van der Molen liet har op ‘e print sette foar it skilderij fan Gariper doarpsgenoat Klaas Koopmans.
Foar de folsleinens en foar de puzelfanaten foegje wy ek de oplossing fan de NaDenker-opdrachten by. Dyselden dy’t de skûtsjekrante bewarre ha kinne it nochris neiplúzje.

De Ea-Skûtsjekrantredaksje

Klik hjir foar de OPLOSSINGS ‘Skûtsje NaDenker’-opjeften út de Ea-Skûtsjekrant (Dec. ’20)

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: