Ofrûne moandeitejûn hat Firma Brouwer & Brouwer BV fan de Grote Hornstweg tekene foar it haadsponsorskip fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES). It grûnfersetbedriuw út ús doarp wie al sponsor fan it doarpsskûtsje, mar doe’t bliken die dat it plak fan haadsponsor frij kaam, stapte de direksje graach yn ‘e frijkommen romte op ‘e list fan sponsors.

It ûndertekene kontrakt jildt foar trije jier. Ek it stiftingsbestjoer is wakker wiis mei de stipe dy’t hja sa krije fan alwer in bedriuw út eigen doarp. Bûten de fermelding fan it haadsponsorskip op de doarpswebside, komt de nije rol fan Brouwer & Brouwer ek ta utering op in buordsje dat plak kriget op ’t skûtsje sels en yn ‘e foarm fan in flagge dy’t op ’t folchskip te sjen is by de IFKS-wedstriidwiken fan de kommende trije jier. Yn ’t kantoar fan de Eastermarder B & B-bedriuwsgebouwen kriget in aksjefoto fan ‘it doarp Eastermar’ in eareplakje.

By de ûndertekening fan it kontrakt waarden oer-en-wer wolmiende lokwinsken en wurden fan wurdearring útsprutsen.

ondertekening  sponsorschap

Foar flnr: Wijbe Postma en Eelco Brouwer
Achter flnr: Geale Tadema, Rienk Brouwer, Albert Brouwer en Jouke Bosgraaf

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: