Hy wie de twadde dielnimmer dy't by it diske fan it Eastermarder skûtsje saterdeitemoarn de fok omheech skuorde en hoe! Hy sette in tiid del dy't troch alle folgjende hijsers net ferbettere wurde koe. De namme fan dizze krachtpatser: Klaas Zuidersma. En hy koe dus by de priisútrikking yn 'e feesttinte de beker yn ûntfangst nimme.

Yn 'e rin fan 'e dei kamen der ek safolle froulju op dit fokhijsen ôf, dat de organisaasje ad hoc it beslút naam om ek foar 'it swakke geslacht' in kampioenstitel yn te stellen, mei ek in beker fansels! De dame dy't de eare fan Earste froulike fokhijskampioen tafoel is Lieke de Vries. Beide kampioenen wurde lokwinske mei dizze prestaasje!

Nijsgjirrich: de 'bok' (de trijepoatige hijsynstallaasje) is konstruearre troch Hindrik en Geale Tadema. Sa hat de organisaasje no de beskikking oer eigen ark. Ferline jier waard de bok noch hierd fan 't skûtsjemuseum yn Earnewâld. Op dy ynstallaasje helle Errit de Jong de titel 2012 binnen en hy besocht dy titel saterdei in tal kearen te ferdigenjen, mar dat slagge net.

Tiden fan 'e kampioenen:
* Klaas Zuidersma: 4,40 sekonden
* Lieke de Vries: 9,06 sekonden

fokhijs kampioen

 

 DSC5552a

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: