It wie mar goed dat de donateursjûn, organisearre troch de stifting 'It Eastermarder Skûtsje', konkurrinsje hie fan de Fryske Music Night, Bruce Springsteen en oare happenings, want Hotel Meerzigt siet freedtejûn grôtfol. As der noch mear donateurs op it programma ôfkaam wienen, dan hie it in kwestje fan steanplakken wurden.
Likernôch 65 donateurs krigen op dizze jûn in fariearre programma oanbean.
Yn de ynlieding fan foarsitter Wijbe Postma waard nei foaren brocht dat de donateurs fan it skûtsje 'op hannen droegen wurde'. "Stipe is belangryk en mei in 130 donateurs op 'e list binne wy tige wiis. En dat der troch al dy stipe ek wat mear yn it fet sit, sil sa dalik blike." En dêrmei doelde de foarsitter op de ferrassing dy 't de skippers (Geale en Douwe Tadema) oanbean krigen: in nagelnije motor foar it skûtsje.
Nei in weromblik op de restauraasje fan it skûtsje en de wedstriden yn de IFKS (mei help fan 'ljochtbylden'), waard de motor foar 't ljocht helle. "It is dat wettersportbedriuw 'De Lits' de stifting in geweldich oanbod dien hat. Oars hie it finansjeel net kinnen," wie de útlis fan Postma. Mar tenei kin der gebrûk makke wurde fan in 'baas Mercury mei genôch Pk's', dy 't oan it roer fan it skûtsje keppele wurde kin. Foar de wedstriden kin de motor der fansels wer ôf.
Douwe en Geale Tadema krije de motor oanbean troch Wijbe Postma
Foar de donateurs wie der noch in ferrassing. Want yn it skoft moast elkenien nei bûten, nei it âlde brêgehaad. Dêr waard op kommando ôfteld fan tsien oant nul en doe sprongen de ljochtsjes op skûtsje 'It Doarp Eastermar' oan. In geweldich gesicht, fral omdat it seilteken ek neimakke is en de ferljochte 'Ea' fan Sumar ôf al te sjen is. De kommende wintermoannen sille de ljochtsjes alle jûnen brâne. Op âldjiersjûn sels wat langer as op oare dagen, ferklearre Oebele Brouwer, skûtsjeferljochtingsekspert.
De 'Ea' yn it ljocht set
Nei it skoft brocht Age Veldboom fan Earnewâld it selskip werom nei eartiids, de dagen dat skûtsjes brûkt waarden foar it ferfieren fan fracht, fee en kermisattraksjes.
Niks gjin romantyk, mar yn febrewaris mei hurde wyn de mar oerstekke en it iis op 'e skoat soarget der foar dat men de hannen oant blieden ta iepenhellet. Of dat de piteroalje fan de lampe boppe de tafel krekt op is ûnder it ierdappeliten. Byfolje wylst it skip nea stilleit en jawis, dan giet it altyd mis en giet der in flutsje oer de ierdappels. "Gewoan opite", seit mem, "dat is goed tsjin de wjirms".
Age Veldboom
Yn de 'roef' fan Hotel Meerzigt bleau it nei dy tiid noch in skoft gesellich drok. "Ik haw in prachtjûn hân", melde ien fan de besikers optein wylst er by de bar om noch in pilske frege. "Ik bin bliid dat ik donor fan it skûtsje wurden bin!"
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »