hjerst2008.jpgOp sneon 1 novimber is de hjerst-edysje fan de digitale nijsbrief ferstjoerd fan St. it Eastermarder Skûtsje.

De nijsbrief is bedoeld foar donateurs (likernôch 220!). Wa 't gjin nijsbrief krigen hat wurdt frege om earst ris yn de reklameboks fan jo e-mailprogramma te sjen. It kin wêze dat it onbedoeld dêr bedarre is. Mocht dat net it gefal wêze, dan graach in mailtsje nei skutsje@eastermar.nl. Wy sille dan besykje op in oare wize te nijsbrief te ferstjoeren.

Yn de nijsbrief stiet û.o. in útnoeging foar de donateursjûn op 21 novimber yn Hotel Meerzigt. Der sil in optreden wêze fan Piet & Gjalt, mei muzyk en skûtsjeferhalen.
It is de bedoeling dat men yn 't foar even opjaan moat foar dizze jûn. Oan de jûn sels binne fierder gjin kosten oan ferbûn.

Opjaan kin fia www.eastermar.nl/skutsje/opjaan.
It is 30 sekonden wurk en de organisaasje wit wer 't er oan ta is. Tank yn 't foar.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: