Ferline jier hat de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) oan har donateurs de gelegenheid bean omris in slach de Mar oer mei ús doarpsskûtsje. Dy mooglikheid bestiet dit jier wer.

Yn ’t taheakke skriuwen foar dy donateurs stiet it hoe-en-het fan dizze aktiviteit.

De measte donateurs ha streekrjocht berjocht krige, mar guon fan harren kinne gjin e-postberjochten ûntfange, fandêr dat wy dit ek op de doarpshiemside melde.

Ut namme fan SIES,

Wijbe Postma

Delhelje alle ynfo.

donateurssilen

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: