19 Juny is it safier en sille de IFKS-skûtsjes op de Burgumer Mar wer stride om de foarste plakjes. Wa't der boppe-op sitte wol om alles goed te sjen, kin foar ien of beide wedstriden in plakje reservearje op salonboat 'Gaasterland'. Boppedat binne twa saakkundige kommentatoaren oan board om it ferrin fan de wedstriden goed te ferwurdzjen.

Donateurs fan St. it Eastermarder Skûtsje krije de kâns in plakje te reservearjen mei mar leafst € 5, -- koarting!
Meld by it opjaan fia it reservearringsformulier, dat jo donateur binne. De earste 60 oanmelders betelje by it opheljen fan de kaarten gjin €15,-- mar € 10,--. (Maksimaal twa kaarten.)
Donateurs dy 't al in plakje reservearre hienen, moatte dat even melde by it opheljen fan de kaarten by Meerzigt.

Klik hjir foar it reservearringsformulier fan de Gaasterland.

gaasterland

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: