Ferline wike is bekend wurden dat ‘Grondverzetbedrijf Brouwer & Brouwer BV’ de rol fan haadsponsor fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) noch trije jier trochset. De befestigjende hantekeningen binne set yn ’t kantoar fan it bedriuw oan ‘e Grote Hornstweg.

It stiftingsbestjoer is tige te sprekken oer de kontraktferlinging mei dit bedriuw út eigen doarp. Ek binne skûtsje-eigenaren en -bemanning wiis mei dit beslút fan ‘e direksje. “De goede ûnderlinge kontakten fan de ôfrûne trije jier ha posityf bydroegen oan de beslissing om troch te gean mei dizze stipe oan ’t doarpsskûtsje”, is it lûd út ‘e direksje. “Dêr komt noch by dat de skûtsjeaktiviteiten en it grûnwurk fan ús bedriuw fanút it ferline oerienkomsten ha. Dat jout oan dat dit kontrakt in histoaryske achtergrûn hat en it hiel goed by ús past”, mient Brouwer & Brouwer BV.

Fansels hoopje de belutsen partijen – B&B, SIES en Ea-skûtsjeminsken – dat de kommende skûtsjeprestaasjes like goed wurde as ferline jier doe’t ‘it doarp Eastermar’ yn ‘e IFKS grutte A-klasse kampioen waard.

bbbv sponsor skûtsje Ea

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: