Okkerdeis hat Taeke Offringa ôfskied naam as bestjoerslid fan St. It Eastermarder Skûtsje. Taeke hat sûnt de oprjochting fan de Stifting lid fan it bestjoer west mar no hat er oanjûn net genôch tiid mear te hawwen om syn bestjoerstaken foar de folle 100% út te fieren. It muoit him tige dat er konkludearje moast dat it better wie om op te hâlden. Hy hat tasein om yn de takomst it dwaan en litten fan de Stifting op de achtergrûn te folgjen.

De oare bestjoersleden koene net oars as begryp toane foar de sitewaasje en moasten omsjen nei in nije kandidaat. Dy is fûn yn de persoan fan Heymen Jansen. Heymen is by in grut tal Eastermarders bekend as de man dy't mei Ada Roelants delstrutsen is op 'e ein fan 'e Beimastrjitte yn it pân fan Hotel/Theater Meerzigt. Heymen is ek al aktyf yn de aktiviteitekommisje fan Stichting Skûtsjesilen yn 'e Wâlden en is dêrom in poerbêste kar.
Boppedat is Heymen opgroeid yn de tradysje fan de fiskerij op de Sudersee. In tradysje dy't grutte oerienkomsten hat mei de tradysje fan it skûtsjesilen. By it skûtsjesilen giet it fral om it heljen fan in goed resultaat yn de wedstriden, mar fierder spylje deselde gebrûken, âlde skippen en ambachten in grutte rol, neffens Heymen.

Heymen Jansen
Heymen Jansen

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: