It rychje mei sponsors fan Stifting it Eastermarder Skûtsje wurdt hieltyd langer.
De stifting hat de lêste tiid in tal nije sponsors taheakje kinnen oan de dochs al yndrukwekkende list fan, oer it generaal, Eastermarder bedriuwen.
Yn de lêste pear moanne hawwe Herbergh de Parel (hoareka), ProMatters (IT) en LAHUIS (grûnwurk) harren oanmeld.
Mei in finansjele opstekker yn de foarm fan in subsydzje fan de Stichting Albino út Assen (www.stichtingalbino.nl) kin in part fan de roefbetimmering betelle wurde. Dizze stichting stimulearret projekten op it mêd fan jongerein en kultuer. Omdat it wurk oan de roef dien is troch stazjêres fan it Friesland College, past it yn harren doelstelling.

Al mei al giet it mei de stifting en dus mei it skûtsje 'foar de wyn'. Wy hoopje dat dit dizze simmer sa trochgean mei...
Foar skippers en bemanning stean der noch in tal trainingen yn de planning, û.o. op de Snitser Mar en de Iselmar. Dus dêr sil it dit jier net oan lizze!

foardewyn.jpg
'Foar de wyn' (foto: Harmke Paulides)

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe