×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Tiisdei 17 july is ús Eastermarder skûtsje tewetterlitten. En fuortendaliks die bliken dat it dêr te plak is. De kommende wiken sil mei man en macht wurke wurde om it skip op te túgjen: de mêst, de swurden, it roer, alles moat goed te plak om it skip optimaal oan 'e praat te krijen. Op de foto's is te sjen dat it skip noch yn Twellegea leit, by it bedriuw fan 'e straler. De Tadema's ha dêr de romte en it is net te fier fan Hylpen ôf. Dêr sil nmtl. op saterdei 4 augustus de earste wedstriid syld wurde.

It roer en de helmstôk binne folslein nij, mar ek mêst, gyk en swurden meie der wêze: de Grousters dy't it spul ferkocht ha, ha der sunich op west.
De bûtenkant fan it skip is yn de âlde kleur 'skippersbrún' ferve. De kont is yn wite tinten en it dek is, tige nijsgjirrich, grien. It bliuwt in skip út de Wâlden!


Yn it Frysk Deiblêd fan freed hat Geale, de skipper, al sein: It wurdt in tuskenjier. It skip is krekt op 'e tiid klear en de bemanning hat dêrtroch net mear genôch oefenje kinnen. Mar... as de tsjinstanners miene dat it Eastermarder skûtsje dan maklik te ferslaan is, dan dreame hja frjemd fan 'e bok! De silers sille de hûd djoer ferkeapje.
Op www.ifks.nl kinne jimme sjen wêr't 'It doarp Eastermar' yn aksje komme sil.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe