‘Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’ is in sechje mei in wierheit as in ko. Dat jildt al salang’t der skûtsjes en oare sylboaten binne. Foar it Eastermarder skûtsje hat dy útdrukking in dûbele betsjutting, want wy ha hjir yn ús doarp de jierlikse wynaksje foar it ‘it doarp Eastermar’.

Ek dit jier ha wy de meiwurking fan doarpssupermerk ‘Alles ûnder ien Dak’ om de wynaksje te hâlden. Sjouke en Sippie Wijnsma fine it wakker aardich om dizze aksje mooglik te meitsjen. Ek yn dizze drege koroanamoannen. De bestjoersleden fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje, de bemanningsleden en oare frijwilligers komme wer by jo oan ‘e doar tusken Sinteklaas en ‘e krystdagen.

De koroana-maatregels meitsje dat de ferkeaperij dit jier krekt wat oars regele wurdt: sa min mooglik tichtby kontakt (1,5 m. ôfstân!!) en gjin kontant jild útwikselje. Yn ‘t plak dêrfan kriget de keaper in kaartsje dêr’t de ferkeaper de bestelling opset en dêr stiet in bankrekkennûmer op om it jild op te stoarten. De ferkeaper noteart sels ek wat besteld is en troch wa. Sa komt it fan twa kanten by ús ponghâlder. Krekt wat letter wurdt de bestelling ôflevere.

It oanbod bestiet ek dit jier wer út reade (Merlot), wite (Chardonnay) en rosee-wyn (Grenache). De priis is ek lykas oars € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen – kin ek in miks fan ‘e trije soarten wêze – kostet € 40,-.
Dus dit jier gjin gemier mei ynflaasjekorreksjes.
Tsjoch!

Ut namme fan it bestjoer fan SIES,
Wijbe Postma (frst.)

skutsjewyn

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppen