De R is alwer in moai skoft yn ‘e moanne, it Sint Martinusrinnen ha wy hân,
Sinteklaas is yn Eastermar oankaam en it doarp Eastermar leit by de brêge kreas ferljochte te pronk. Ljochtmaster Oebele Brouwer hat it, mei help fan twa bestjoersleden fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje wer goed foarelkoar krige en de troch DRS beskikberstelde pitten skine stjerhelder.

Dus… stiet de skûtsjewynaksje op ‘e rol. Dit jier meie wy wer rekkenje op de stipe fan ús doarpssupermerk ‘Alles ûnder ien Dak’ om ûnder har flagge de aksje te hâlden. Tige tank dêrfoar!
Tusken de jierdei fan ‘e Goedhillichman en ‘e krystdagen binne skûtsjebemannings-, stiftingsbestjoersleden en in tal oare doarpsgenoaten wer by de streek om skûtsjewyn oan ‘e man/frou te bringen. Der kin wer keazen wurde út reade (Merlot), wite (Chardonnay) en roseewyn.
Ek dit jier is de priis € 7,50 de flesse en foar in doaze (6 flessen) betelje jo € 40,-.
Alles ûnder it biedwurd: “Sûnder wyn kin gjin skûtsje sile.”

Tsjoch!
Wijbe Postma (frst. SIES)

skutsjewynaksje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe