It sil de Easterbarrenbesiters net opfallen wêze, mar de saterdeitemoarn foar it strjitfestival ûndergie ‘it doarp Eastermar’ in oanpassing. Lykas wenst nei de IFKS-wike is de wedstriidmêst fan ’t skûtsje helle en de ‘âlde’ mêst der wer op set. Dy operaasje begûn freedtejûn al mei it opheljen fan ‘e âlde mêst út de skuorre fan boer Bouwe de Jong oan ‘e Sumarderwei. Op in ridende bok moast it 19 mt. lange gefal stappendewei oer Sumarderwei, Teije Tol- en E.M.Beimastrjitte nei de ein fan Snakkerbuorren brocht wurde.
Op saterdeitemoarn koe mei help fan in kraan fan leanbedriuw Sj. Veenstra de wedstriidmêst fan ’t skûtsje ferwidere wurde en op in útskofrachtwein fan de Combex lein wurde. Dizze mêst is 20 mt. lang en ‘t is dus in presisykerwei om him kreas en nei’t sin fan sjauffeur Wiebe Hogendorp op ‘e frachtwein teplak te krijen. Doe’t dat slagge wie koe it gefaarte nei Boersma yn De Gordyk brocht wurde foar ynspeksje en ûnderhâld.

Dêrnei moast de âldmêst op ’t skip, want der moat kommende wiken noch al, sawol yn wedstriidferbân as mei ‘ploechjes’, syld wurde. It hiele kerwei hie net mooglik west sûnder de fleksibiliteit en ynset fan de neamde bedriuwen. Bemanning, eigenaren en stifting stelle dy bot op priis.

skutsje-mest3

   

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe