alpe-dhuzes-2012Twa leden fan ‘e hjoeddeistige skûtsjebemanning fan ‘it doarp Eastermar’ hawwe har de ôfrûne wike fan har alderbêste kant sjen litten. Geale en Douwe Tadema ha tongersdei 7 juny yn Frankryk meidien oan de sponsoraksje ‘Alpe d’uzes’, in wielerevenemint dêr’t de dielnimmers yndividueel of in groepsferbân besykje sa faak mooglik de Alpe d‘Huez te beklimmen en op dy wize safolle mooglik, mar op syn minst € 2500,- oan sponsorjild te garjen foar de KWF kankerbestriding.

Geale en Douwe makken diel út fan de ‘Hurdkûters’, in freonegroep út Twizel. De oanlieding om mei te dwaan oan dit evenemint wie de sykte fan ien fan ‘e skûtsjebemanningsleden fan ‘e earste oere. Syn sykteproses en syn herstel ha sa’n yndruk op syn freonen makke dat hja ôfrûne hjerst it beslút namen om de ‘Alpe d’Huez’ te betwingen.

Tongersdei ha de ferskate leden fan de groep fan tsien ‘Hurdkûters’ twa oant fiif kear de top helle. Mei dizze beklimmingen, dy’t per kear sa’n twa oeren fergje, hat de ploech € 40.000,- bymekoar fytst foar de striid tsjin kanker! Douwe en Geale fytsten beide fiif kear de ‘bult’ op en ha dy dei beide sa’n 16 oeren op ‘e fyts sitten… Mei rjocht: SJAPO!

skutsjesile

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe