Opmerksume Eastermarders hawwe it al sjoen: de ferljochting fan it skûtsje is yn 'e war. En it slagget net om dy wer oan de praat te krijen. Yn de earste wiken wie it in pracht, mar dêrnei kaam der hieltyd wer koartsluting yn ‘e pripkabel mei de ‘pitten’. Want sokke lampkes mei iepen fittingen binne tige gefoelich foar wyn en benammen wetter. In pear kear koenen wy de koartsluting fine: dan waard in stikje kabel ferfongen en baarnde alles wer. Mar krekt nei de krystdagen klapte alles der wèr (!) út: it fjoer spatte út de meterkast. Ald-brêgewipper Douwe en de skriuwer fan de Stifting wienen hast blakere. Nei ûndersyk die bliken dat de kabel op tefolle plakken trochbaarnd wie. Dit fjoerwurk wie net de bedoeling.

Dêrom sil de lêste wiken allinnich de ljochtslang fan it sylteken Ea brâne. Op sa'n ljochtslang ha wetter en damp minder ynfloed. Hoewol’t âlderwetske pitten folle moaier binne, is de kâns grut dat wy kommend jier ek oerstappe moatte op it brûken fan ditsoarte ljochtslang foar it totaal, want allegeduerigen koartsluting, dêr ha wy ek samar ús nocht fan.

It bestjoer fan de Stifting It Eastermarder Skûtsje

skutsje-mei-ljochtsjes
It skûtsje mei noch komplete ferljochting (foto Klaas Kootstra)

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe