Image"En it is Eastermar, it is Eastermar dy 't dêr as earste om de tonne giet!"

Tsja, wat soe dat moai wêze... om de radio oan te setten en Klaas Jansma soks roppe te hearren.
Dochs is dit gjin loftfytserij want... Eastermar kriget in eigen skûtsje!
En it is noch moaier:.. it sil meidwaan oan de IFKS!

De skiednis
2005: De famylje Tadema, fan oarsprong út Eastermar en bekend yn en mei de skûtsjesilerij, hat it doarp benadere om mei te tinken oer in skûtsje. De mannen hienen it idee dat it moai wêze soe as it skûtsje as domisily Eastermar hawwe soe.
Begjin 2006: In foar Eastermar prima finansjele konstruksje wie it motyf om in bestjoer gear te stallen en sponsors te finen.
Hjerst 2006: Ferksate potinsjele sponsors wurde benadere. Men reagearret entûsjast. Fierder kin út namme fan de Wettersportferiening it skûtsje tenei in fêst lisplak krije oan de kop fan it âlde brêgehaad...

Ein 2006: De Tadema's beslute in skûtsje oan te keapjen no 't wis is dat Eastermar harren stypje kin. It skûtsje sil hielendal stript en yn oarspronklike steat wer opboud wurde. De Tadema's wolle in snel skip realisearje, mar ek in moai skip, tradisjoneel opboud. In plaatsje op it wetter.
Begjin 2007: Der komt in offisjele stifting dy 't him dwaande hâlde sil mei it finansjeel stypjen fan it skûtsje út namme fan it doarp. De restauraasje fan it skûtsje is úteinset. It skip wurdt troch in profesjoneel bedriuw restaurearre en moat yn juny hielendal sylklear wêze.

It skûtsje
de gegevens:

  • Bounûmer: L1283N
  • Oarspronklike namme: Vijf Gebroeders
  • Opdrachtjouwer : Inne Winia (Snits)
  • Werf: Schildkampen, V/d Werff, Ljouwert
  • Boujier : 1911
  • Lingte: 18,29 m
  • Breedte : 3,82 m
  • Tonnemaat: 46,106 Ton


Nei ferlinging sil de lingte fan it skip 19,69 m. wurde. Dêrmei komt de tonnemaat op 50,000 ton, it maksimum om oan de IFKS diel te nimmen. (In skûtsje mei maksimaal 20.62 m. wurde.) It skip kriget in tradisjonele brúnreade kleur mei in wite bys. It skip sil de namme 'it doarp Eastermar' krije. As sylteken sil der in 'Ea' yn it seil komme te stean.

De plannen
Dit jier noch is it doel en syl mei yn de IFKS. As nijkommer sil 'it doarp Eastermar' yn de C-klasse begjinne moatte. Wy hoopje dat wy meiertiid de namme Eastermar op radio en televyzje hearre yn konneksje mei it skûtsjesilen.
De sponsors It is geweldich te fernimmen dat sa'n protte Eastermarder bedriuwen fuortendaliks entûsjast binne en it skip sponsorje wolle. Haadsponsor is boubedriuw Swart. Fierder binne der noch in tal sponsors en co-sponsors, al mei al net minder as 15 bedriuwen!

Donateurs
Fansels kinne de minsken fan Eastermar meilibje en stypje troch donateur te wurden fan it skûtsje. It plan is dat it skip op de sneon fan it jierlikse Eastermarder doarpsfeest farre sil mei de donateurs. De 'freonen fan 'it doarp Eastermar' kinne dan fergees mei it wetter op. Ek sille de donateurs regelmjittich in digitale nijsbrief yn harren mailboks binnenkrije sadat men op 'e hichte bliuwt fan nijs oer it skûtsje. De kosten binne € 15, - yn it jier. Minsken dy 't fuortendaliks harren opjaan wolle kinne dit hjir dwaan!

Bemanning
Wat is in Eastermarder skûtsje sûnder Eastermarder bemanning? De famylje Tadema sil it tige wurdearje as der minsken út Eastermar as bemanning oanmeunsterje wolle. Men siket bemanning foar de wedstriden (IFKS is fan 4 oant en mei 11 augustus 2007) mar ek foar it ploechjesilen yn de omkriten fan Eastermar. Men hoecht gjin betûfte siler te wêzen om in taak op it skip te krijen! "Te folle skippers en minsken dy't der doel oer hawwe is ek net goed", seit Douwe Tadema. Opjaan as bemanningslid of mear ynformaasje hjiroer kin rjochtstreeks by Douwe Tadema: of 0642064263.

Wy hoopje sa gau mooglik foto's fan de restauraasje fan 'it doarp Eastermar' publisearje te kinnen.

St. 'It Eastermarder skûtsje'

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe