Freed 7 april is der sawol yn ‘Meerzigt’ as yn ‘De Parel’ omtinken jûn oan it 10-jierrrich bestean fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES).
Op ‘e neimiddei waarden sa’n 60 (âld-)bemanningsleden, sponsors, eigenaren en frijwilligers yn ‘Meerzigt’ ûntfongen troch it Stiftingsbestjoer. De foarsitter seach yn syn wolkomstwurd werom op de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne desennium. Der waard stilstien by de prestaasjes fan ‘e silers en in momint fan oertinking hâlden foar de twa yn dy perioade ferstoarne skûtsjefreonen: Sietze Dijkstra en Rob Krimpenfort. It selskip gie doe nei it lisplak fan ’t skûtsje op ‘e brêge-ein. Dêr waard Jan Nijhuis efkes yn it sintsje set fanwege syn grutte ynset foar ‘it doarp Eastermar’ en om’t er in nij helmhout makke hie. Dat helmhout mocht Jan sels offisjeel yn gebrûk nimme troch de feestfersiering te ferwiderjen.
Yn ‘Meerzigt’ koe men dêrnei genietsje fan in troch ‘Acces-catering’ treflik fersoarge buffet.
Tsjin healwei achten sette de ploech nei ’t Breed om yn ‘De Parel’ in donateursjûn by te wenjen. De taap dêre wie al aardich befolke mei skûtsjedonateurs. Skipper Geale Tadema liet middels in fotosearje de oanwêzigen genietsje fan ‘e ombou fan wenark ta skûtsje. Ek hie er foar dejingen dy’t yn de ôfrûne tsien jier in hiel soad foar it doarpsskûtsje betsjut ha in prachtige ynliste aksjefoto fan ‘t wedstriidskip.
Nei Geales tankwurden kaam skûtsjehistoarikus, -ferslachjouwer en –ferhaleferteller Klaas Jansma oan it wurd. Hy fermakke syn gehoar op syn eigen karakteristike wize en hie syn taharkers alhiel yn ‘e besnijïng.
De jûn waard muzikaal ôfsletten mei it duo Pieter & Michiel dat him de blierren op ‘e fingers spile en in grut part fan ‘e skûtsje-adepten oan ’t dûnsjen krige.
De SIES kin weromsjen op in tige slagge jubileumfiering.
-
- Informatie
- 03 september 2024
Rabo clubsupport: Stem op stifting 'it Eastermarder Skûtsje'
-
- Informatie
- 01 september 2024
Donateursilen en jeugdsilen Skûtsje Ea skrast
Troch de grutte skea, oprûn by de oanfarring tidens de lêste IFKS sylwedstryd op 'e Lemmer, kin it s... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2024
Skûtsje Ea viert een derde plaats in de IFKS 2024
Zondagmiddag 25 augustus hebben we het skûtsje en de bemanning binnengehaald en daarna iedereen gefe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 augustus 2024
Skûtsje Ea mei averij út de lêste IFKS-wedstryd op 'e Lemmer (update)
Update: it protest is tawiisd en dat betsjut dat de Ea tredde wurden is yn it klassemint! In poadium... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2024
Skûtsjeblog IFKS skûtsje Ea
De IFKS zit er weer op, met voor It Doarp Eastermar een derde plek in het eindklassement. Bij Hindel... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'it doarp Eastermar'
Hierbij de uitslag van de verloting tijdens het dorpsfeest in de stand van het skûtsje 'it doarp Eas... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »