logo stifting

“Wat leit dat skûtsje fan jim der harstikke moai by!”. Dat wie it komplimint fan gastsprekker/’umpire’ Jos Spijkerman doe’t er him melde op ‘e donateursjûn fan freed 1 febrewaris. Hy doelde foaral op wat er sjoen hie doe’t er fan ‘e Sumarder kant op Eastermar ta kaam: de kontoerferljochting fan ‘it doarp Eastermar’.

Dy donateursjûn wie foar de dik 40 oanwêzigen in prachtjûn. Earst al doe’t de stiftingsfoarsitter by syn iepening melde koe dat ljochtmaster Oebele Brouwer tasein hie dat er ek by it ferfullen fan syn funksje as boargemaster fan Achtkarspelen trochgiet mei de fersoarging fan ‘e winterferljochting. Dêrnei waard omtinken jûn oan de twa froulju mei it Ea-gefoel yn har DNA, ús D&A ofwol Diny en Anneke. Al 10 jier lang beregelen hja de ynkomst fan ‘it doarp Eastermar’ op de snein nei de IFKS-wike mei muzyk, blommen, drankjes, lûdsynstallaasje en sa mear. De kampioensyntocht fan ôfrûne simmer hat har lêste aktiviteit west en dêrfoar – mar ek foar dy 9 eardere kearen – waarden de beide dames hertlik betanke troch it SIES-bestjoer en de oanwêzige donateurs. Hulde foar sawol Oebele as Diny en Anneke!
Doe kaam Jos Spijkerman oan ’t wurd oer syn wurk op ’t wetter fan ‘e IFKS-wike. As wichtichste ûnderdiel fan syn sprekbeurt kaam nei foaren dat de skippers mekoar korrizjearje. Dat is allinnich yn ‘e silerij en de golfsport mooglik. By alle oare sporten ha jo te meitsjen mei in skiedsrjochter dy’t oanjout wat goed of fout is. De ‘umpire’ komt allinnich yn byld by in skeel tusken skippers en jout dan in advys. Wurdt dat advys net folge, dan folget in behanneling yn ‘e protestkeamer. In tige ferhelderjend ferhaal oan ‘e hân fan de bylden dy’t troch Omrop Fryslân makke wienen yn ‘e wedstriid op ‘e Tsjûkemar doe’t skipper Geale oerboard sloech.

Nei de ferlotting – dy’t foar Douwe en Greetje Brouwer wakker posityf útpakte omdat hja de it twapersoans VIP-arrangemint (de ‘hoofdprijs’) foar de IFKS-wike 2019 wûnen – en it skoft, kaam skipper Geale oan it wurd. Earst wie der in serieus momint wêrby’ôfskie naam waard fan twa bemanningsleden, Sipke Hogendorp en Anton Snip. Anton wie der spitigernôch net, mar Sipke waard yn ’t sintsje set. De fertsjinsten fan ‘e beide mannen waarden beneamd en as oantinken krige Sipke in prachtfoto fan it skûtsje.
Dêrnei fersoargen Geale en syn suster Sjoukje in prachtige presintaasje yn byld en lûd. Ynearsten waarden alle bemanningleden fan ús kampioensploech mei pakkende teksten en sprekkende foto’s oan it publyk foarsteld.
Doe kamen de bylden en lûdsfragmeinten fan ‘e IFKS-wedstriden 2018 foarby. Wat in moaie en dochs wer spannende werbeleving fan dy mominten. Wy seagen ek, mei help fan in kamera dy’t op ’t helmhout siet, de unike bylden fan it no al hast legindaryske momint dat Geale oerboard rekke yn ‘e wedstriid by Ychtenbrêge. Dit hiele lûdstechnysk en fisueel perfekte dokumint wie suver Televisierring-weardich.

Fan de minsken yn ‘e seal krigen Geale en Sjoukje dêrom ek grutte byfal foar dizze presintaasje. It wie in moai slútstik fan, sa’t donateur Tys de Jong útrôp: “De moaiste donateursjûn dy’t ik meimakke ha!”

Wijbe Postma (foarst. SIES)

IMG 20190209 WA0002IMG 20190209 WA0002IMG 20190209 WA0002IMG 20190209 WA0002

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe