Syb van der ploeg

It Easterbarren pakt dit jier ekstra út.
De iepening fan it strjitfestival sil heve mei Syb van der Ploeg! Syb is fral ferneamd as sjonger fan de Kast en Spanner.
It optreden fan likernôch in heal oere sil in akoestische performance wêze. Ekstra is dat Eastermarder topsjongeres Wietske van der Zee tegearre mei Syb ek in nûmer hearre litte sil.
Oanlieding foar dizze ferneamde act is de grutte priis dy 't de Stifing foarich jier wûn hat by it Nationale Kompliment.

Dit jier is it Easterbarren al wer groeid. It publyk kin kieze út mar leafst 12 poadia. Neist oare grutte nammen as Gurbe Douwstra, Sinjael, Adri de Boer, Bauke en Campbell, Rintje Kas, Adonis, Simon Dijkstra, Far Beyond en 7-Days is der dit jier ek wer in soad rûmte foar amateur- en semi-profesjoneel talint.

De totale iepeningsact fan it Easterbarren nimme dit jier in oere yn beslach. Dêrom begjint it festival in heal oere earder as gebrûkelik; om 15.00 oere!

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: