Saterdei 27 augustus is foar de 16e kear it strjit- en muzykfestival Easterbarren yn Eastermar. Ek dit jier ferwachtet de organisaasje dat sa’n 7000 minsken it paad nei it smûke doarpke tusken de Leien en de Burgumer Mar witte te finen.
Jack Bottleneck en Johan Keus sille om healwei trijen op it Breed it Easterbarren iepenje. Nei de iepening barst it barren los op yn totaal 11 poadia. Muzyk, sang, dûns, kabaret en keunst yn allerhanne foarmen. Sa binne der optredens fan û.o. Piter Wilkens, The Cube, Compromise, Inez Timmer en ek GEDOBR út Koatstertille docht mei. Folkert Wesseling fan De Tike komt mei syn bussjauffeur-act. Gymnastykferiening Set ‘m Op út Stiensgea lit sjen hokker akrobatyske keunsten hja allegear behearskje. Eksposysjes binne der fan ferskate skilders en in fotograaf. Strjitacts lykas Hymp Hamp Theater en Chateau Migraine. Spesjaal foar de jongste besikers is poppeteater Anansi út Lippenhúzen der en jeugdsirkus Saranti út Ljouwert.
Koartsein in hiele middei en jûn (fan 14.30 oant 22.30 oere) fertier en gesellichheid foar jong en âld.
Wa’t alfêst in yndruk krije wol fan de dielnimmende artysten of sfear priuwe wol fan foargeande edysjes kin mear fine op de webside: www.easterbarren.nl
Jack Bottleneck
Johan Keus
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2025
Feest bij De Marko’s: Nieuwe batons
Nieuwe batons voor de twirlers dankzij gulle sponsors! Glimmende ogen en grote blijdschap bij de twi... Fierder lêze »