Saterdei 29 augustus is it wer safier. Dan is it foar de 15e kear Easterbarren yn Eastermar. It fergese strjitte-en muzykfestival.
Dizze kear begjint Easterbarren om healwei trijen. In healoerke earder en it duorret oant alve oer jûns. Dat betsjut in oere langer Easterbarren en dat hat syn reden. Der is nammentlik wer in hiel skala oan artysten en keunstners ree fûn om nei Eastermar te kommen.
Spesjaal liet
De iepening sil dizze kear fersoarge wurde troch in oantal artysten dat troch de jierren hinne fêste klanten fan it Easterbarren wie: GeDoBr hat foar de gelegenheid in spesjaal liet skreaun. By de iepening litte de mannen it foar it earst hearre. Sy wurde dêryn bystien troch oare bekende nammen as Adri de Boer, Lechery, Saxy Ladies, Adonis én ús eigen doarpstrûbadoer Simon Dijkstra.
Nei de iepening set it dan útein op tolve poadia, ferspraat oer de smûke doarpskearn fan Eastermar. Sa is der wer in poadium ynrjochte spesjaal foar jong muzikaal talint út eigen dorp, mei Timme Koudstaal as motivator.
Der binne fertroude nammen: jeugdsirkus Saranti, Inez Timmer en Adonis út Drachten. Adonis lit nei de iepening syn akrobatyske keunsten sjen, middeis op it Harstepaed en jûns by de ôfsluting op it fernijde Breed.
Nije artysten
In protte nije artysten dizze kear op Easterbarren. Sa giet û.o. it trio 'Wiltsje fan Peazens' mei op it Eastermarder Skûtsje, Jack Bottleneck is der mei syn countryblues, en The Old Pipers witte grif sfear te bringen mei harren Ierske folksmuzyk. lt wurdt perfoarst wer in prachtige dei, de lêste saterdei fan augustus. Parkeare en tagong is fergees !
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »