Bêste doarpsgenoaten,
De kûgel is troch de tsjerke. Minister Rutte is dúdlik: alle festivals en eveneminten oant 1 septimber kinne gjin trochgong fine. Dat betsjut ek dat edysje 20 fan it Easterbarren dit jier net trochgiet. Wy wiene as Stifting al fol úteinset en it programma stie sa goed as hielendal. Mar hoe spitich dit ek is, wy kinne net oars, wy hawwe no mei ús allen in nije mienskiplike missy: om ússels en ús neisten tinke, want sûnens is in grut goed, docht no wer bliken Dat betsjut dat wy edysje 20 dan it oare jier (2021) wer oppakke en wy hoopje der dan mei ús allen in ekstra moai feest fan te meitsjen, want wat yn’t fet sit...
Alle frijwiligers, bouwers, cateraars, artysten, gemeente Tytsjerksteradiel, sponsoren, donateurs, besikers en wa al net mear, moai dat jim wer ree wiene om te helpen. Wy hoopje dat jim tasizzing fan dit jier jildich bliuwt foar 2021. It wurdt faak sein mar sûnder jim is der wier gjin Easterbarren mooglik. Tank derfoar en allegear oant sjen op Easterbarren 28 augustus 2021.
Stifting Easterbarren
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo en Henk gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zullen ze ri... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 mei 2021
Geen straatfestival Easterbarren in 2021
Het bestuur van Stifting Easterbarren heeft besloten dat de twintigste editie van het straatfestival... Fierder lêze »