Foar it earst sûnt jierren reinde it sa no en dan by it Easterbarren. Mar it koe de wille net drukke. Nei in gesellige pre-party op de freedtejûn gie it saterdei los mei TikTokTammo. Hy krige it publyk goed los.

Om 15 oere giene alle oare poadia fan start. Der wie ‘voor elk wat wils’. Sa no en dan in stowerke mar eins bleau it de hiele middei fierder drûch. Jûns noch wol wer wat wetter. Mar wat dûnset it fijn yn de rein op de muzyk fan Compromise dy’t it 24e Easterbarren ôfsleat.

Elkenien hiel bot betanke foar jim ynset, as muzikant, frijwilliger of as publyk.

Oant oare jier; de 25e edysje!

St. Easterbarren

easterbarren2026
Foto: Jan Kooistra

easterbarren2026
Foto: Saskia van den Berg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: