Saterdei 29 augustus is it safier. Dan fiere wy it tredde lustrum fan ús strjit- en muzykfestival Easterbarren.
Dizze kear begjinne we in healoerke earder (14.30 oere) en hâlde we in healoerke letter op (23.00 oere). Dat betsjut in oere langer Easterbarren en dat hat syn redenen. We ha nammentlik wer in hiel skala oan artysten en keunstners ree fûn nei Eastermar te kommen.
De iepening sil dizze kear fersoarge wurde troch in oantal artysten dy’t troch de jierren hinne fêste klanten fan it Easterbarren wienen: GeDoBr hat foar de gelegenheid in spesjaal liet skreaun dat se by de iepening foar it earst hearre litte sille. Se wurde dêryn bystien troch oare bekende nammen as Adri de Boer, Lechery, Saxy Ladies, Adonis én ús eigen doarpstrûbadoer Simon Dijkstra.
Nei de iepening set it dan útein op in tolvetal poadia, ferspraat oer ús smûke doarpskearn! Sa is der wer in poadium ynrjochte spesjaal foar jong muzikaal talint út eigen dorp, mei Timme Koudstaal as motivator.
Der binne fertroude nammen: jeugdsirkus Saranti, Inez Timmer, Adonis út Drachten lit middeis nei de iepening har akrobatyske keunsten sjen op it Harstepaed en jûns by de ôfsluting op it fernijde Breed !
In protte nije artysten dizze kear dy't noch net earder op it Easterbarren stienen. Sa giet û.o. it trio 'Wiltsje fan Peazens' mei op it Eastermarder Skûtsje; Jack Bottleneck is der mei syn countryblues en The Old Pipers witte grif sfear te bringen mei harren Ierske folksmuzyk.
lt belooft wer in prachtige dei te wurden, de lêste saterdei fan augustus. Parkeare en tagong is fergees!
-
- Informatie
- 15 juni 2025
Eastermar is...
...loftballontsjewaar De Ph-JEH kaam feilich del tichtby de pleats fan Jurjen de Jong oan de Heidbue... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 juni 2025
Roxanne opent de deur van Meerzigt
Vanaf zondag 15 juni gaat Meerzigt weer open. Roxanne Wolters, afkomstig uit het Groningse Onderdend... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 juni 2025
Doarpsfeestbylden 20 jier lyn
Mei it doarpsfeest fan 2025 op komst alfêst bylden út 2005 om yn de stimming te kommen. Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2025
Feest bij De Marko’s: Nieuwe batons
Nieuwe batons voor de twirlers dankzij gulle sponsors! Glimmende ogen en grote blijdschap bij de twi... Fierder lêze »