Saterdei 28 augustus sil yn Eastermar de jublieumedysje fan it Easterbarren plak fine.
Dit is de 10e kear dat dit strjitfestival organisearre wurdt.
Dizze kear hat it festival it tema: 'Pracht & Praal'.

Om 14.30 oere set it strjitfestival út ein mei de Doarpeslach: in kulturele kompetysje fan in tal doarpen om Eastermar hinne, mei in parade, in presintaasje en in optreden.

Dêrnei folget in brûzjend optreden fan Piter Wilkens mei it harmony-orkest Crescendo.

Pracht&Praal, 10 jier Easterbarren

Nei de iepening ferspriedt it festival him oer it hiele doarp. Op 12 poadia tagelyk binne optredens  fan ferskate bands, solisten en koaren. Men kin acts ferwachtsjes fan Gurbe Douwstra, Adri de Boer, GeDoBr, Carla de Bruyne, Lechery, Koardinaasje, Sije, Ate, de Wâldsilers, Swart/Wyt, Gerbrich van Dekken en noch folle mear.

Sa as altyd kin men meifarre op it skûtsje ‘it Doarp Eastermar’. De hiele middei fart it skûtsje op en del nei de Burgumer Mar en oan board soarget in shantykoar foar tapaslike sjongerij.

Der is fansels strjitteater mei û.o. in ballon-ympresjonist, de Saxy Ladies en jeugdsirkus Saranti. Dûnsgroep Malenka en de Tjongerskotsploech dogge dit jier ek mei.

Foar de bern is der in folsein eigen berneprogramma mei in poppespiler, Studio Stijn en teater foar  - en troch - bern.

Op ferskate lokaasjes binne eksposysjes fan û.o. keramyk, skilderijen en túnassessoires .

It feest sil oant de jûns 22.30 oere duorje en wurdt ôfsluten op it sintrale poadium troch de rock- en coverband Lechery.

De tagong is, lykas alle edysjes, fergees!


Stifting Easterbarren, Eastermar

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: