It is de kommisje wer slagge om in prachtich programma gear te stallen. Ofwikseljend, fernijend en ek wer fertroud.
Om 14.30 oere sille Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Griet Wiersma en Anneke Douma mei it Eastermarder koar ‘Koardinaasje’ it festival iepenje. Sy wurde begelaat troch Lechery.
Om 15.00 oere kin men wer mannich rûntsje troch it doarp meitsje. 12 poadia steane fol mei dûns, kabaret, muzyk, ensfh.
Der is in grut tal strjitartysten dit kear. Guon op in ‘fêst’ poadium en guon op ferskillende plakken.
Foar de bern is der wer smynken en in superleuke te gekke akt fan 'Geer de Brandweer'.
Foar de lefgozers in 'virtuele beleving' by VRROOM. Spektakulêr! (16+).
Dûnsers fan 'Dance with Discipline' sille in demonstraasje en in workshop jaan. Net fersitte!
Fierder binne der 5 nije bands; û.o. 'Freight Train' en 'Fifty-Fifty' út Eastermar.
By Meerzigt is it poadium no op it terras. Dus lekker ite en drinken by de spetterjende muzyk fan bgl. 'The Roaring Twenties Small Band'; in 8-koppige formaasje mei blazers, banjo, piano, ensfh.
Of wer eefkes de mar op mei ús eigen skûtsje ‘It doarp Eastermar’ ûnder de lûden fan selliste Hanneke Rouw, 'Moonvalley' of 'Dûbel Twa'. Ek de seal fan Meerzigt ha we wer ta ús beskikking; it duo 'Eaglefield' en 'Gerbrich & it Grutte Guod' binne dêr û.o. fan de partij.
Om 19.00 oere giet it festival troch op it haadpoadium mei de fjouwer Fryske sjongers Gurbe, Piter, Griet en Anneke. Oant krekt foar alven is it swinge op It Breed.
Dit alles wurdt mooglik makke troch: de frijwlligers, de donateurs, de haadsponsor, alle oare sponsoren, de advertearders, de gemeente Tytsjerksteradiel, de artysten, alle bewenners dy’t oan de rûte wenje en troch it publyk.
Tagong fergees!
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2025
Feest bij De Marko’s: Nieuwe batons
Nieuwe batons voor de twirlers dankzij gulle sponsors! Glimmende ogen en grote blijdschap bij de twi... Fierder lêze »