It gie hjoed goed mei 'it Doarp Eastermar', de resultaten wiene geweldich. Nei de domper fan juster wie de Ea der wer gewoan by en einige op 'e Hegemer Mar as fjirde. Nei trije dagen wedstriidsilen kin men sizze dat it skûtjse hiel goed meidwaan kin yn de top fan it klassemint.
It wie in spannende wedstriid. De Ea kaam aardich goed út de start en lei by de boppeste tonne op in tredde plak achter de 'Ut en Thús' en 'de Jonge Jan'. By de twadde rûte sylde Henk Regts justjes te lang troch by ien fan syn slaggen en dêr koene de Ea en de 'Jonge Jan' fan profitearje. Sadwaande leine wy twadde, wat in moaie sportive revâns wie op Henk Regts.
Mar spitich genôch koe dat twadde plak net lang konsolidearre wurde. De 'Ut en Thús' koe dochs wer in plak werom pakke en even letter kaam Tony Brundel opstomen. Brundel wie as 7e start, mar pakte by alle rûtes wer ien of twa plakjes. De wyn flauwe wilens wat ôf, net geunstich foar Eastermar. Yn ien fan de lêste rûtes koe de Ea de 'Lytse Lies' fan Brundel net langer achter him hâlde. Brundel koe even letter ek noch Henk Regts foarby komme en kaam as twadde nei Jelle Talsma oer de streek.
In fjirde plakje, krekt net op it poadium, mar wol goed foar it moreel oan board. Op nei de Sleattemer Mar!
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »