Mei in hiel, hiel flau wyntsje gie Lemmer 2, de lêste wedstryd yn de B-klasse fan de IFKS 2010, fan start. Eastermar kaam yn de start yn 'e middenmoat telâne en doe wie it eins al beslikke. Want de twa konkurrinten sieten foar de Ea en mei dit lichte waar is it dreech wurk om nei foaren te skarreljen. As nûmer 11 kamen wy om de boppeste tonne, wylst de Jonge Jasper op it sânde plak lei en Sikke Heerschop op fiif.
Ien rûte fierder wie de sitewaasje foaroan hiel oars, De Jonge Jasper lei doe op twa en Sikke op trije. De Ea hie wol wat plakjes opskowe kind troch in hiele oare slach te kiezen op wei nei de boppeste tonne en kaam op acht út.
Mar yn de tredde rûte slagge it net om noch mear nei foaren te kommen wylst de Jonge Jasper al rillegau nûmer ien, de Eenvoud fan Harns, ynhelle. De Jonge Jasper dus as earste oer de finish en dus kampioen, Sikke Heerschop as fjirde en Eastermar werom nei it alfde plak.
It wie wol spitich foar it grutte tal Eastermarders dat dizze dei nei de ‘Eastermarder Hoeke’ op ‘e Lemmer kaam wie. It wie de minst aardige wedstryd om nei te sjen fan de hiele wike. Mar ien ding is wis, hjoed kin de as minst klassearre wedstryd ôflutsen wurde en dus einigje wy as tredde in it klassemint en dat betsjut promoasje nei de grutte A. Kampioen wurde hie hiel aardich west mar de doelstelling, promovearje, is helle!
Snein om 16.00 oere sil ‘it doarp Eastermar’ oankomme op de Komerk en sûnder mis sil in grut tal ynwenners fan Eastermar him opwachtsje en it skûtsje grutsk ynhelje.
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 31 december 2024
Skûtsjewijnactie ‘it doarp Eastermar’ groot succes
'Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Nou, deze Friese uitdrukking is door iedereen die het Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2024
Winterferljochting Skûtsje-Ea brânt wer
Eastermar rekket sa njonkenlytsen al in bytsje yn krystsfear. Op it fertroude plakje by de Litsbrêge... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze »